Springe nei ynhâld

Krusiging fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 13: Rigel 13:
Syn dea wurdt yn de evangeelje en oare boeken fan it Nije Testamint as in [[offerritueel]] beskreaun.
Syn dea wurdt yn de evangeelje en oare boeken fan it Nije Testamint as in [[offerritueel]] beskreaun.


Nei't Jezus op [[Golgota]] oankaam, waard er jittik of wyn, bemjukse mei mirre en galle, oanbean te drinken. Neffens de [[Evangeelje fan Mattéus|evangeeljes fan Mattéus]] en [[Evangeelje fan Markus|Markus]] wegere er dat. Dêrnei waard er krusige en waard er hongen tusken twa feroardiele dieven. Neffens guon oersettings út it oarspronklike [[Gryksk]], wiene de dieven faaks banditen, rôvers of rebellen. Neffens Markus duorre syn ferstjerren seis oeren, tusken de tredde oere oant syn ferstjerren op de njoggende oere fan de dei (rûchwei tusken njoggen oere moarns oant trije oere middeis). De Romeinske soldaten befêstigen in boerd mei de wurden "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden" boppe-oan it krús, dy't neffens Jehannes yn trije talen wie. Hja ferparten syn klean en smieten lotten om syn klaad sûnder naden. Neffens Jehannes brutsen de soldaten Jezus syn fuotten net, sa't se by de oare feroardielden wol dien om harren dea te ferhastigjen, om't Jezus al ferstoarn wie. Elts evangeelje hat syn eigen ferzje fan Jezus syn lêste wurden, meiïnoar sân [[krúswurden]]. Neffens de [[Synoptyske evangeeljes]] barden der ferskate boppenatuerlike foarfallen, lykas fertsjustering, in [[ierdskodding]] en, neffens Mattéus, de opstanning fan de hilligen. Nei Jezus syn dea, waard syn lichem fan it krús helle troch [[Joazef fan Arimatéa]], mei help fan Nikodémus]], en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't Pontius Pilatus frege hie oft er it lichem begrave koe, begroeven.
Nei't Jezus op [[Golgota]] oankaam, waard er jittik of wyn, bemjukse mei mirre en galle, oanbean te drinken. Neffens de [[Evangeelje fan Mattéus|evangeeljes fan Mattéus]] en [[Evangeelje fan Markus|Markus]] wegere er dat. Dêrnei waard er krusige en waard er hongen tusken twa feroardiele dieven. Neffens guon oersettings út it oarspronklike [[Gryksk]], wiene de dieven faaks banditen, rôvers of rebellen. Neffens Markus duorre syn ferstjerren seis oeren, tusken de tredde oere oant syn ferstjerren op de njoggende oere fan de dei (rûchwei tusken njoggen oere moarns oant trije oere middeis). De Romeinske soldaten befêstigen in boerd mei de wurden "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden" boppe-oan it krús, dy't neffens Jehannes yn trije talen wie. Hja ferparten syn klean en smieten lotten om syn klaad sûnder naden. Neffens Jehannes brutsen de soldaten Jezus syn fuotten net, om't er al ferstoarn wie. Hja diene it by de oare feroardielden al om harren dea te ferhastigjen, om't Joadske wet ferbea dat liken nachts foar de Sabbat hingjen bleaune. Elts evangeelje hat syn eigen ferzje fan Jezus syn lêste wurden, meiïnoar sân [[krúswurden]]. Neffens de [[Synoptyske evangeeljes]] barden der ferskate boppenatuerlike foarfallen, lykas fertsjustering, in [[ierdskodding]] en, neffens Mattéus, de opstanning fan de hilligen. Nei Jezus syn dea, waard syn lichem fan it krús helle troch [[Joazef fan Arimatéa]], mei help fan [[Nikodémus]], en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't Pontius Pilatus frege hie oft er it lichem begrave koe, begroeven.


De trije [[Synoptyske evangeeljes]] neame ek dat [[Simon fan Syrene]] it krús foar Jezus droech, dat in mannichte minsken Jezus bespotten, tegearre mei de twa dieven, it fertsjusterjen tusken de sechde en de njoggende oere en de ierdskodding dêr't de foargevel fan de timpel fan ynfoel. De Synoptyske evangeeljes neame ek ferskate tsjûgen, wêrûnder in Romeinske legerfoaroanman, en ferskate froulju dy't fan in ôfstân taseagen. Twa fan dy froulju wiene by de begreffenis oanwêzich.
De trije [[Synoptyske evangeeljes]] neame ek dat [[Simon fan Syrene]] it krús foar Jezus droech, dat in mannichte minsken Jezus bespotten, tegearre mei de twa dieven, it fertsjusterjen tusken de sechde en de njoggende oere en de ierdskodding dêr't de foargevel fan de timpel fan ynfoel. De Synoptyske evangeeljes neame ek ferskate tsjûgen, wêrûnder in Romeinske legerfoaroanman, en ferskate froulju dy't fan in ôfstân taseagen. Twa fan dy froulju wiene by de begreffenis oanwêzich.

De ferzje fan 7 sep 2020 om 21.27

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


In skilderstik fan Diego Velåzquez út de 17e iuw

De Krusiging fan Jezus barde yn Judea yn de earste iuw, rûchwei tusken 30 en 33 nei Kristus. De krusiging fan Jezus is beskreaun yn de fjouwer evangeeljes en ek wurdt der yn de brieven yn it Nije Testamint nei ferwiisd. It wurdt lykwols ek befêstige troch net-Kristlike boarnen, hoewol't der gjin ienriedigens ûnder de skiedkundigen is en gjin sekuere details foarhannen binne.

Neffens de evangeeljes, waard Jezus arrestearre en berjochte troch it Sanhedrin, en dêrnei waard er troch Pontius Pilatus feroardiele ta it giseljen en it krusigjen troch de Romeinen. Dêrnei waard er ûntdien fan syn klean, en hy waard jittik of wyn bemjukse mei mirre en galle oanbean nei't er sein hat: "Ik ha toarst". Hy waard tusken twa feroardiele dieven hongen en neffens it evangeelje fan Markus stoar er op de njoggende oere fan de dei (om trije oere middeis hinne). Yn dy tiid befêstigen soldaten in boerd boppe-oan it krús mei de wurden; "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden", en neffens it evangeelje fan Jehannes ferskynde dat yn trije talen, Hebriuwsk, Latyn en Gryksk. Dêrnei ferparten se syn klean ûnder elkoar en smieten se lotten foar syn klaad sûnder naden, neffens it evangeelje fan Jehannes. Neffens it evangeelje fan Jehannes pjukte in soldaat syn spear yn de side fan Jezus nei't er al ferstoarn wie, wêrnei't bloed en wetter út 'e wûne wei rûn. De Bibel neamt sân krúswurden dy't Jezus sei, wylst er oan it krús hong, en in stikmannich boppenatuerlike foarfallen wurde ek neamd.

Meiïnoar de Passy neamd, steane it lijen en de ferlossende dea fan Jezus troch krusiging sintraal yn de kristlike teology dat de lear fan ferlossing en fermoedsoening oanbelanget.

It barren neffens it Nije Testamint

It oereinsetten fan it krús troch Sebastiano Mazzoni út de 17e iuw yn Ca' Rezzonico
Jezus oan it krús tusken twa dieven

De dea fan Jezus waard foar it earst neamd yn de fjouwer evangeeljes, en ek yn de brieven fan it Nije Testamint wurdt dêrnei ferwiisd. Yn de fjouwer evangeeljes hat Jezus syn dea foarsein op trije ferskillende plakken. Alle fjouwer evangeeljes beskriuwe wiidweidich it ferhaal oer de Arrestaasje fan Jezus, syn rjochtsaak foar itSanhedrin, it oardiel oan it hof fan Pontius Pilatus, dêr't er gisele en ta dea feroardiele waard, syn paad nei it krús, dêr't er ynearsten sels it krús draacht, foar't Romeinske soldaten Simon fan Syrene hjitten en draach it krús fierder foar him, it krusigjen, de begreffenis en syn opstanning fan de dea. Syn dea wurdt yn de evangeelje en oare boeken fan it Nije Testamint as in offerritueel beskreaun.

Nei't Jezus op Golgota oankaam, waard er jittik of wyn, bemjukse mei mirre en galle, oanbean te drinken. Neffens de evangeeljes fan Mattéus en Markus wegere er dat. Dêrnei waard er krusige en waard er hongen tusken twa feroardiele dieven. Neffens guon oersettings út it oarspronklike Gryksk, wiene de dieven faaks banditen, rôvers of rebellen. Neffens Markus duorre syn ferstjerren seis oeren, tusken de tredde oere oant syn ferstjerren op de njoggende oere fan de dei (rûchwei tusken njoggen oere moarns oant trije oere middeis). De Romeinske soldaten befêstigen in boerd mei de wurden "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden" boppe-oan it krús, dy't neffens Jehannes yn trije talen wie. Hja ferparten syn klean en smieten lotten om syn klaad sûnder naden. Neffens Jehannes brutsen de soldaten Jezus syn fuotten net, om't er al ferstoarn wie. Hja diene it by de oare feroardielden al om harren dea te ferhastigjen, om't Joadske wet ferbea dat liken nachts foar de Sabbat hingjen bleaune. Elts evangeelje hat syn eigen ferzje fan Jezus syn lêste wurden, meiïnoar sân krúswurden. Neffens de Synoptyske evangeeljes barden der ferskate boppenatuerlike foarfallen, lykas fertsjustering, in ierdskodding en, neffens Mattéus, de opstanning fan de hilligen. Nei Jezus syn dea, waard syn lichem fan it krús helle troch Joazef fan Arimatéa, mei help fan Nikodémus, en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't Pontius Pilatus frege hie oft er it lichem begrave koe, begroeven.

De trije Synoptyske evangeeljes neame ek dat Simon fan Syrene it krús foar Jezus droech, dat in mannichte minsken Jezus bespotten, tegearre mei de twa dieven, it fertsjusterjen tusken de sechde en de njoggende oere en de ierdskodding dêr't de foargevel fan de timpel fan ynfoel. De Synoptyske evangeeljes neame ek ferskate tsjûgen, wêrûnder in Romeinske legerfoaroanman, en ferskate froulju dy't fan in ôfstân taseagen. Twa fan dy froulju wiene by de begreffenis oanwêzich.

It evangeelje fan Lukas is de iennige dy't it oanbieden fan de soere wyn oan Jezus net neamt, wylst Markus en Jehannes neame dat Joazef sels it lichem fan it krús hellet.

It evangeelje fan Mattéus is de iennige dy't in ierdskodding neamt en dat hilligen dy't ferriisd binne nei de stêd ferfearen, en dat Romeinske soldaten de grêf fan Jezus bewekken. It evangeelje fan Markus is de iennige dy't de tiid fan it krusigjen neamt; de tredde oere fan de dei, mar it koe al hast sa let as tolve oere middeis west hawwe. It evangeelje fan Lukas beskriuwt Jezus syn wurden ta de froulju dy't oan it rouwen wiene, it beskrobjen fan de iene dief troch de oare, en de froulju dy't de krûden en salven klearmakken foar de Sabbat. Jehannes is de iennige dy't it fersyk foar it brekken fan de fuotten, it pjukken fan de soldaat mei syn spear yn de side fan Jezus (in ferfolling fan in profesij út it Alde Testamint) en dat Nikodémus Joazef helpt mei it begraven fan Jezus, neamt.

Neffens de Earste Brief oan de Korintiërs, ferriisde Jezus fan de dea op de tredde dei, dêr't de dei fan it krusigjen as earste teld waard. Neffens de fjouwer evangeeljes ferskynde er foar syn dissipels op ferskate tiden foar't er nei de himel ferfear. Neffens it boek Hannelingen fan de Apostels wie Jezus foar fjirtich dagen by de apostels, dêr't it evangeelje fan Lukas it tal dagen tusken Peaskesnein en de Himelfeart net neamt. Lykwols de measte bibelske deskundigen tinke dat Hannelingen troch Lukas skreaun waard as in ferfolch fan syn evangeelje, en de twa boeken soene as ien beskôge wurde moatte.

Neffens Markus waard Jezus krusige tagelyk mei twa rebellen, en dan folget der in sinnefertsjustering fan trije oeren lang. Jezus gûlde ta God, raasde, en ferstoar. De foargevel fan de timpel foel yn twaen. Mattéus folget Markus, mar dy neamt in ierdskodding en de opstanning fan de hilligen. Lukas folget Markus ek, mar beskriuwt de rebellen as gewoane kriminelen, dêr't de iene foar Jezus opkaam en dêr't Jezus fan sei dat er tegearre mei Jezus yn it paradys komme sille. Lukas beskriuwt Jezus as ûnberuorre by syn krusigjen. Jehannes neamt ferskate eleminten lykas yn Markus, mar wurde ferkiljend behannele.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Crucifixion of Jesus