Springe nei ynhâld

DINGtiid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
Rigel 26: Rigel 26:
<references/>
<references/>
}}
}}

[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Fryslân]]
[[Kategory:Oerheid fan Nederlân]]
[[Kategory:Fryske organisaasje]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2014]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 7 jul 2024 om 21.32

DINGtiid is in advysorgaan foar de Provinsje Fryslân en de Ryksoerheid oer de Fryske taal. De Wet gebrûk Fryske taal is dêrby it útgongspunt.

De Wet gebrûk Fryske taal regelet sûnt 1 jannewaris 2014 it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik en rjochtsferkear.[1] Dêryn wurdt ek bepaald dat der in Orgaan foar de Fryske taal is, dat de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân befoarderet. Dat orgaan hjit DINGtiid. Konform de Wet stelt DINGtiid twajierliks in wurkprogram op.[2]

DINGtiid rapportearret oer it ferlet en winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn relaasje ta de Wet gebrûk Fryske taal, it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Der wurdt rapportearre oan oerheden, bestjoersorganen en rjochterlike ynstânsjes. DINGtiid jout advys oan de minister fan Ynlânske Saken en oan Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân oer it tastânkommen en de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer en de útfieringskonvenanten lykas Konvenant Fryske Taal en Kultuer. Dêrby wurdt stipe jûn by it opstellen fan wetlike regels en beliedsplannen lykas oanjûn yn de Wet gebrûk Fryske taal. Fan de aktiviteiten wurdt in jierferslach makke.

Praktyske útwurkings fan de wetlike taken binne:

  • befoarderjen fan de maatskiplike diskusje oer it Frysk.
  • publikaasje fan ûndersiken, advizen en rapportaazjes.
  • it skriuwen fan brieven oan bewâldslju en partijen út it fjild.
  • petearen fiere mei partners en belanghawwenden op it mêd fan de Fryske taal.
  • it hâlden fan DINGpetearen: rûnetafelpetearen mei saakkundigen fan in bepaald ûnderwerp om in ûnderwerp yngreven te bedjipjen
  • organisaasje fan in jierlikse lêzing.

De namme DINGtiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ‘ding’ wie in gearkomst yn de tiid fan de âlde Germanen dêr’t de frije mannen yn byinoar roppen waarden om in kwestje of skeel te besprekken. At sa’n kwestje fan alle kanten besjoen en besprutsen wie joech de Asega, in wetskenner, syn advys. DINGtiid set as Orgaan fan de Fryske taal in ‘ding’ yn in nij perspektyf. As it der de tiid foar is, ropt it Orgaan minsken byinoar foar in DING. De foarm fan in DING hinget ôf fan wat it bêste past by it ûnderwerp. It doel is om in ûnderwerp fan ferskate ynfalshoeken út te besprekken, kennis te dielen, te ferdjipjen, te hearren wat goed en net goed giet, foar- en neidielen te besjen. Al dy ynformaasje liedt dan ta in advys, gearwurkingsôfspraken of it fergrutsjen fan bewustwêzen.

Jongereinpanel Asega’s

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2023 beneamde Dingtiid in jongereinpanel fan tolve saneamde ‘Asega’s’, jonge Friezen dy’t meitinke oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dingtiid: breder overleg over gebruik Friese taal, Leeuwarder Courant, 21 maart 2016
  2. Beslisnota bij Kamerbrief Werkprogramma DINGtiid 2024-2025