Springe nei ynhâld

Oeds Westerhof

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 jul 2024 om 22.04 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Oeds Westerhof (Ryptsjerk, 30 maaie 1965) is in Frysk bestjoerder, direkteur, adviseur fan kulturele organisaties. Foar de PvdA-is hy riedslid yn de gemeente It Hearrenfean.

Westerhof groeide op yn Nyegea as neikommerke yn in húshâlding fan maatskiplik belutsen âlden. [1] Hy studearre yn 1990 ôf oan de Universiteit fan Grins yn de rjochting Keunst. Letter folge er Feroaringsmanagement by it Ynteruniversitêr sintrum foar organisaasje- en feroarkunde Sioo.

Bestjoerder en adviseur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Friezereüny fan Simmer 2000 spile hy de rol fan ‘kolonel Sjaerda’ dy ’t mei syn eigen leger kwetsbere minsken beskermje moast. As bestjoerslid wie Westerhof ek belutsen by it Oerol Festival, it Noardlik Film Festival en by kultureel sintrum Ateliers Majeur op It Hearrenfean.

As liedingjaande en adviseur wurke Westerhof foar organisaasjes lykas Keunstwurk, NHL, BMC, LUX Nymwegen en Nasjonaal Park Nije Styl. As direksjelid wie er boppedat belutsen by Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. Sûnt 2019 hat Westerhof in advysbedriuw op it mêd fan keunst, kultuer en kultureel erfguod. Sûnt 2023 is Westerhof ynterim direkteur by debatsintrum Pakhûs de Swijer yn Amsterdam. Westerhof is foarsitter fan Stifting De Moanne.

Westerhof wie foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan 'De Basis', in stifting foar iepenbier primêr ûnderwiis. As ambassadeur fan Mear muzyk yn de klas makke er him sterk foar de posysje fan muzyk.

Yn de jierren njoggentich fan de tweintischste iuw wurke er foar de lanlike PvdA yn Amsterdam as haad ledewerving. As riedslid fan de gemeente It Hearrenfean hat er de portefúlje Romtlike Oardering en Miljeu.[2]

Yn Friesland, mijn liefde bringt er as ‘loyaal fanút de posysje fan in bûtensteander’ in oade oan Fryslân. It autobiografyske boek is neist in leafdesferklearring in polityk manifest.[3] Westerhof sketst nije takomsten, mar docht ek in oprop om de maatskiplike wearden op 'en nij te ûndersykjen en bytiden oan te passen. Yn it boek komt er mei in soad ideeën om minsken neitinke te litten en yn beweging te krijen op it mêd fan ûnderwiis, soarch, bestjoer en iepenbier ferfier. [4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Een hartstikke links verhaal: Oeds Westerhof schreef wonderlijke mengeling van autobiografie en politiek programma, yn: Ljouwerter Krante, 26 novimber 2023
  2. Website PvdA It Hearrenfean, besjoen op 6 july 2024.
  3. Oeds Westerhof: 'Mijn boek is geen allemansvriend', Omrop Fryslân, 18 febrewaris 2024
  4. Blik van een betrokken buitenstaander – Friesland Post, july 2024