Springe nei ynhâld

Oerlis:Japansk skaken

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Shōgi

Wat moatte wy krekt mei dy namme? It Frysk had gjin ō, mar Japansk wurdt net mei Latynsk skrift skreaun. Mysha (oerlis) 8 jul 2024, 09.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Yn 'e regel net, mar der bestiet wol in offisjeel systeem om it Japansk te transliterearjen nei it Latynske skrift. Sjoch: en:Hepburn_romanization. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2024, 22.19 (CEST)[beäntwurdzje]
J-a, mar dat is dan nei it Ingelsk. Dat jout dan deselde problemen as by Peking, dêr't de ofsjele transliteraasje Běijīng foar Friezen mar min is, mar it Ingelsk efter in P in h seit, en "Pheking" wie in kriem foar de Sinezen. Ik woe mar sizze: Neffens my seit dy transliteraasje net in soad; kinne wy net sizze fan '将棋', mei as transliteraasje "Sjogi", as wat Fryske sjogi-spilers ek sizze? Mysha (oerlis)
Nee, dat is net nei it Ingelsk, dat is nei it Latynske skrift. Jo betiizje twa ferskillende dingen. It foarbyld fan Peking is hiel wat oars. Yn dat gefal wurdt de Sineeske namme foar de Sineeske haadstêd neffens it offisjele pinyinsysteem yndie nei it Latynske skrift transliterearre as Běijīng, mar it Frysk (en trouwens it Nederlânsk en it Ingelsk ek) hawwe in eigen namme foar dy stêd (nammentlik Peking), dy't net mear as in Sineesk wurd beskôge wurde kin (hoewol't it iuwen lyn grif út it Sineesk oernommen en doe yn dy Westerske talen ferbastere is). Transliteraasje is it stelselmjittich ien foar ien oersetten fan klanken út it skrift fan 'e iene taal nei it skrift fan 'e oare taal. It ferskil tusken Peking en Běijīng hat neat mei transliteraasje te krijen, mar is itselde as tusken Parys en Paris, Kopenhagen en København of Grins en Groningen (nammen út talen dy't itselde skrift brûke en dus net transliterearre hoege te wurden). Foar termen dêr't it Frysk in eigen wurd foar hat (bgl. Peking) bin ik in grut foarstanner fan it brûken dat eigen wurd. Mar dat is hjir net oan 'e oarder. Mar it giet hjir hielendal net om in Frysk wurd, mar in Japansk wurd. Der wurdt ta ynformaasje fan 'e lêzer even de Japanske term foar Japansk skaken neamd, shōgi, en dan is it de baas om de offisjele transliteraasjeregels te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jul 2024, 19.54 (CEST)[beäntwurdzje]