Springe nei ynhâld

Plato

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 feb 2012 om 03.48 troch HiW-Bot (oerlis | bydragen) (r2.7.2) (Bot - derby: vep:Platon)
Plato

Plato (Ald-Gryks: Πλατων, Platōn; likernôch 427 f. Kr., Atene347 f. Kr., Atene) wie in Gryksk filosoof en skriuwer.

Plato wie in learling fan Sokrates. Sels wie er de learaar fan Aristoteles. Benammen troch syn ideeënlear heart er ta de meast ynfloedrike tinkers fan de westerske filosofy.

Libben

Plato waard berne yn Atene, yn it aristokratyske laach. Hy krige in goede opfieding en wie tige suksesfol op sportyf en literêr flak. Ek wurdt er beskôge as de meast talintearre studint fan Sokrates. Nei de dea fan Sokrates folge Plato les by Euklides fan Megara.

Lykas as in soad oare Griken yn dy tiid emigrearre Plato nei Itaalje. Hy besocht in nij libben op te bouwen yn Magna Graecia wat lykwols gjin sukses waard. Syn ferbliuw oan it hof fan Dionysius I, hearsker fan Syracuse, rûn min ôf. Troch in mieningsferskil mei Dionysius oer de ideale steatsfoarm foel er yn ûngenede en waard nei alle gedachten in skoft finzen holden. Mooglik hat Plato ek omreizge en hat er ek Egypte besocht.

De tragyske dea fan syn learmaster Sokrates en dy syn opfettings hawwe him syn hiele libben dwaande holden en syn wurk beynfloede. By syn weromkomst yn Atene, yn 387 f. Kr., stifte hy in stúdzjemienskip, de Akademeia (ferneamd nei de bosken fan Hekademus) dêr't hy de ûnbestriden lieder bleau oant syn dea yn 347 f. Kr.. Aristoteles waard syn wichtichste learling.

Wichtichste wurken

Plato is ien fan de pear Grykske skriuwers út de klassike perioade dêr't folslein publisearre wurken fan bewarre bleaun binne.

Hy ûnderskiedt him fan eardere en lettere filosofen troch it skriuwen fan dialogen, dêr't libbene persoanen gedachten mei inoar útwikselje oer konkrete situaasjes (meastentiids ferneamd nei ien fan de petearpartners). Hy ferkeas dizze dialoochform boppe de teoretyske útiensetting: op dizze wize ferheget er de libbendens fan syn wurk en foarkomt dêrmei gefaar wrâldfremd te wurden. Hy woe benammen dat syn wiisgearige ynsjochten oer in grut publyk ferspraat wurde soe, want neffens him liedt allinnich de filosofy de minske ta it wier gelok. Sadwaande binne syn ynsichten yn syn skriften nea wiidweidich en systematysk beskreaun.

Nettsjinsteande it feit dat er him skeptysk útlit oer de wearde fan it skreaune wurd, hat er syn dialogen yn in sierlike en fersoarge taal skreaun dat syn wurk rekkene wurdt ta ien fan de hichtepunten fan de wrâldliteratuer.

  • koarte "Sokratyske" dialogen (tiidrek fan ± 399 – 390 f. Kr.):
    • (lytse) Hippias : oer de dwaasheid fan de sofisten
    • (grutte) Hippias: oer "De skientme"
    • Protagoras: oer de fraach "Is deugd oan te learen?"
    • Crito: oer hearrigens oan de wetten
    • Phaedo: dêr't de omstannichheden fan de dea fan Sokrates yn ferhaald wurde
    • Apologia d.i. de (mooglike diels fiktive) ferdigeningsrede dy't Sokrates útsprutsen hawwe soe tsjinoer de rjochtbank dy't him ta de dea feroardielde.
  • oergangsperioade (tiidrek ± 390-385 f. Kr.):
    • Gorgias: oer de ferdjerlike ynfloed fan de retoryk
  • de "grutte" dialogen (perioade nei 385):
    • Symposium: oer leafde en erotyk
    • Politeia: oer de ideale steat
    • Phaedrus: oer de ideeënwrâld
    • Theaetetus: Plato’s wichtichste wurk dêr't er ek krityk op syn eigen ideeënlear útwurke
    • Timaeus: ûnder oaren oer Atlantis
    • Nomoi: oer de wetten