Friezen om utens
Appearance
Friezen om utens binne bûten Fryslân wenjende Friezen. Yn it bysûnder in oantsjutting fan dejingen dy't harren yn in Selskip organisearren yn binnen- of bûtenlân (Londen, Feriene Steaten en Kanada).
Troch de sterke emigraasje út Fryslân is it tal Friezen-om-utens grut. It earste geslacht hâldt meastentiids yn taal en libbenstyl de bân mei Fryslân fêst. Dêrnei geane de Friezen-om-utens meastal yn de nije mienskip op.
It orgaan fan it 'Bûn fan Fryske Selskippen bûten Fryslân dat fan 1933 ôf ferskynde hjit De Fries om utens.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|