Springe nei ynhâld

Jitske de Hoop

Ut Wikipedy

Jitske de Hoop (Dokkum, 1971) is in Fryske ferslachjouwer en beliedsadviseur by Omrop Fryslân.

Nei it Lauwers Kolleezje studearre De Hoop Marketing en Bedriuwskommunikaasje oan de Universiteit fan Grins. Nei ferskate kommunikaasje- en marketingfunksjes by bedriuwen as TNO, NIMA wurke se sûnt 2008 by Omrop Fryslân as ferslachjouwer. Letter waard se by de omrop adviseur Marketing en Kommunikaasje en sûnt 2022 beliedsadviseur Fryske taal en kultuer.

De Hoop is bestjoersfoarsitter fan de stifting Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Sûnt 2023 hat hja as bestjoerder fan DINGtiid de portefúlje Fryske taal en kultuer.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw bestuurslid Jitske de Hoop: Taal is zeg maar echt mijn DING, dingtiid.nl, besjoen op 8 july 2024