Springe nei ynhâld

Skandinaavje

Ut Wikipedy
Satellietopnaam fan Noarwegen, Sweden en Finlân yn de winter

Skandinaavje is in gebiet yn it noarden fan Jeropa.

It wurd Skandinaavje wurdt op trije ferskate wize definiearre:

  1. Suver geografysk besjoen is Skandinaavje it gebiet wat lyk stiet mei it Skandinavyske skiereilân, wat foar it grutste diel bestiet út it Skandinavyske Heechlân. Dit binne de lannen Noarwegen en Sweden, en it uterste noardwesten fan Finlân.
  2. Polityk besjoen bestiet Skandinaavje út Denemark, Noarwegen en Sweden. Dizze definysje wurdt yn Skandinaavje sels hantearre en oan de hân fan dizze definysje kin steld wurde dat Skandinaavje in part fan it Noarden is (sjoch tredde definysje).
  3. Histoarysk en kultureel besjoen bestiet Skandinaavje út lidsteaten fan de Noardske Ried: Denemarken, Finlân, Yslân, Noarwegen en Sweden. Yn it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt dit oantsjutte as "Noarden" en yn it Finsk as "Pohjoismaat".

Meastal wurdt de twadde of de tredde definysje brûkt. Yn it Nederlânske taalgebiet bestiet der lykwols in foarkar foar de tredde definysje.

It wurd wurdt foar it earst brûkt troch Plinius de Aldere (23-79) yn de foarm 'Scadinauia' en is wierskynlik foarme út de âldgermaanske wurden 'skadin' (skade) en 'auio' (eilân). Dizze oarspronklike betsjutting hat him oerlibbe yn lokale nammen lykas it Súd-Sweedske lânskip Skåne (Skonen).

Skandinavyske talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noarske, Sweedske en Deenske talen, wurde faak oantsjutten as Skandinavyske talen. Dat is yn tsjinstelling mei de Noard-Germaanske talen, dêr't ek it Yslânsk en Faeröersk ta rekkene wurde. Dizze talen lykje in soad op inoar en binne ûnderinoar goed fersteanber. It wurd Skandinavysk wurdt brûkt foar sawol it Noarsk, Sweedsk, en Deensk, as is it ien taal, mar troch de Skandinaavjers sels wurdt Skandinavysk foaral brûkt as namme foar de taal dy't minsken út de trije lannen tsjin inoar sprekke. It komt derop del dat elkenien syn eigen taal besiket te praten troch helder te artikulearen en sa folle mooglik nuvere wurden wat fuort te litten. As dat net kin wurdt in wurd brûkt út de taal fan de petearpartner of yn stee dêrfan it Ingelske ekwifalint.